Amerikaanske Pasifyske Float United States Pacific Fleet | |
---|---|
flagge Amerikaanske Marine |
kommandant Pas. Float |
algemiene gegevens | |
lân | Feriene Steaten |
ûnderdiel | Amerikaanske Marine |
soarte | float |
bysûnderheden | |
haadkertier | Pearl Harbor (Hawaï) |
sterkte | 250.000 man (2012) |
aktyf | 1907 – 1922 en 1941 – no |
konflikten | |
Twadde Wrâldoarloch (1941-1945) Koreaanske Oarloch (1950-1953) Earste Taiwankrisis (1954-1955) Twadde Taiwankrisis (1958) Fjetnamoarloch (1961-1973) Oarloch tsjin it Terrorisme (2001-no) |
De Amerikaanske Pasifyske Float (Ingelsk: United States Pacific Fleet), offisjele ôfkoarting: USPACFLT, is in float fan 'e Amerikaanske Marine en in militêre kommandostruktuer dy't it hiele gebiet fan 'e Stille Oseaan beslacht. It makket ûnderdiel út fan it Amerikaanske Yndo-Pasifysk Kommando, de geografyske ûnderferdieling fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dy't ek de Yndyske Oseaan omfettet. It haadkertier fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float is fêstige yn Pearl Harbor, op Hawaï, mar de wichtichste bases lizze by San Diego, yn Kalifornje.
© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search